Autospegels op It Fean fernield

25 maaie 2004 - 00:00

De plysje op It Hearrenfean is op syk nei de eigners fan auto's, wêrfan't de bûtenspegels fernield binne. De spegels binne sneintenacht fernield troch twa jonges (20 en 18). Dy binne op oanwizen fan in tsjûge oanhâlden. Se fernielden spegels yn de Van Dekamalaan, Sieger van der Laanstraat, H. Jurresstraat, de Crackstraat en op de Herenwal.

Mei elkoar binne fan 26 auto's bûtenspegels fernield. Noch net alle eigners hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)