Westra wer op toaniel

25 maaie 2004 - 00:00

Akteur Rense Westra is takom jier wer op yn de Fryske teaters te sjen. Nei tsien jier wol er nochris op de planken stean. Hy stiet yn it stik 'Herfst in Riga' dat yn in sanatoarium spilet. De tekst is troch Tryntsje van der Zee oerset. Joke Tromp nimt de oare rol foar har rekken.

De premjêre is 31 jannewaris yn De Harmonie yn Ljouwert. Westra spilet al sûnt syn alfde toaniel. Hy spilet Beant Baas yn de searje Baas boppe baas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)