Cambuur - Biltse seleksje: 14-0

25 maaie 2004 - 00:00

Cambuur oefene moandei yn Sint Anne tsjin in Biltse seleksje. Cambuur wûn mei 14-0. De rêststân wie 4-0. Yn 'e earste helte makke Dominique van Dijk twa goals, nei rêst makke ek Mikka Ilo twa goals. Stefan van Hoving en de Deenske gastspiler Luketa wisten ek twa kear it net fan 'e Biltkerts te finen.

De twadde gastspiler, Raymond Kolder fan Rijnsburgse Boys, makke de iepeningsgoal. Tongersdei oefenet Cambuur tsjin Ljouwerter amateurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)