'Braam kin net oanbliuwe'

© Omrop Fryslân
Direkteur Braam fan Noordned kin net oanbliuwe. Neffens FNV-fakbûnsman Van der Molen binne der genôch redenen om him mei ta opstappen te twingen. Hy reagearret dermei op Hettinga fan 'e Ried fan Kommissarissen. Dy fynt dat der gjin ynhâldike arguminten jûn binne foar de aksje.
Van der Molen sprekt út namme fan it personiel syn ôfkar út oer Braam. De direkteur komt foar in part de CAO net nei en hy kommuniseart net goed.