Jong en âld yn petear yn Wurdum

© Omrop Fryslân
Jong en âld ha moandei yn Wurdum in nuttich petear hân. Want it byld dat de earste groep allinnich mar fernielt, en de twadde allinnich mar seurt, dat moast de wrâld mar ris út, sa fûn de stifting Wolwêzen Alderen Ljouwert (SWOL). Yn Wurdum wie de lêste tiid strideraasje tusken de twa generaasjes.
It SWOL wol de petearen yn de gemeente Ljouwert in ferfolch jaan mei it projekt 'leefberens yn en om de doarpen'.