Boek oer Fryske Denen ûnderweis

24 maaie 2004 - 00:00

Benny Siewertsen út Súd-Jutlân yn Denemarken is drok dwaande mei it skriuwen fan in boek oer de Fryske minderheid yn dy streek. De titel fan it boek is 'Friserne - vore glemte forfaedre', wat sokssawat betsjut as 'Friezen - ús fergetten foarâlden'.

De Fryske taal is yn Jutlân al in skoft útstoarn, mar der binne neffens Siewertsen noch wol in soad minsken mei Fryske roots en Fryske achternammen, ek al witte se dat faak sels net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)