VVD wol lossere trou-regels

24 maaie 2004 - 00:00

As it oan de VVD leit, meie breidspearen yn Ljouwert tenei sels bepale op wat foar plak se trouwe. Ek soe in stel de mooglikheid krije moatte sels te bepalen wa't it houlik slút. De VVD wol de hjoeddeiske regels feroarje. Dy skriuwe foar dat de gemeente bepaalt wêr't troud wurdt en wa't de trouamtner is. Yn Arnhem en Nijmegen binne de foarstellen fan de VVD al realiteit. Yn Zevenaar meie stellen ek thús elkoar it ja-wurd jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)