Kelders út protest ôfset

24 maaie 2004 - 00:00

Winkellju oan de Kelders yn Ljouwert ha moandeitemoarn har strjitte blokkeard. De winkellju ha har nocht fan it wurk dat al skoften yn de binnenstêd fan Ljouwert útfierd wurdt.

Op dit stuit wurdt de riolearring yn de Kelders fernijd. Neffens de winkellju hat de gemeente gjin each foar de problemen dy't it wurk foar har opsmyt. De dyk is ôfset mei auto's, sadat nimmen der yn kin, ek it personeel fan de oannimmer net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)