Frou delstutsen yn Ljouwert

24 maaie 2004 - 00:00

In ynwenster fan Goutum is sneintenacht yn Ljouwert it slachtoffer wurden fan in stekpartij. De 42-jierrige waard mei in oare frou op de Harnzerstrjitwei oanfallen troch in man. Dy besocht har tas ôf te pakken.

Der ûntstie in fjochtpartij, wêrby't de frou út Goutum trije kear mei in mes troch de man stutsen waard. Dy naaide dêrnei út, mar hy koe letter oanhâlden wurde. Hoe slim de frou út Goutum der oan ta is, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)