Minnertsgea kiest partoer

© Omrop Fryslân
Klaas Anne Terpstra sil net foar Minnertsgea keatse op de bûnspartij op pinkstermoandei. Terpstra is út it partoer set en wurdt ferfongen troch Cornelis Terpstra.
Minnertsgea hat fjouwer haadklasse keatsers yn it doarp. Dêr moat ien fan ôf falle. Op de partijen yn Weidum en Tsjommearum keatste Klaas Anne Terpstra wol mei. Foar de bûnspartij hat de technyske kommisje besletten him te ferfangen troch Cornelis Terpstra.