Afke Hylkema foarby Lia de Jong

23 maaie 2004 - 00:00

Troch de oerwinning yn Peinjum is Afke Hylkema út Akkrum Lia de Jong passeard yn it histoaryske punteklassemint fan de KNKB. Troch de earste priis yn Peinjum kaam Hylkema op 465 punten, ien mear as Lia de Jong.

Hylkema wûn yn har keatskarriêre, dy't yn 1996 begûn op it heechste nivo, alles dat der te winnen foel. Sa waard se seis kear Keninginne op de PC foar froulju yn Weidum. Yn 2002 pakte Hylkema 70 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)