Kuorbal: SCO - Blau-Wyt: 15-16

23 maaie 2004 - 00:00

Blau-Wyt Hearrenfean en Rohda Amsterdam moatte útmeitsje wa't it kommende seizoen yn 'e Haadklasse kuorballet. Blau-Wyt wûn sneintemiddei yn Oldeholtpea mei 15-16 by SCO. Konkurrint Rohda wûn mei 16-12 yn Assen fan VDW.

Wannear en wêr de beslissingswedstriid krekt spile wurdt is noch net bekend. Blau-Wyt hie snein in soad muoite mei SCO. De wedstriid gie gelyk op en Blau-Wyt spile muoisum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)