Brân Skylge noch hieltyd net út

22 maaie 2004 - 00:00

In wike nei it ûntstean fan de grutte brân op de Boschplaat op Skylge is de brân noch hieltyd net út. Op dit stuit baarnt noch in stik grûn sa grut as in heal fuotbalfjild, sa skat Steatsboskbehear.

Der wurdt noch hieltyd hurd wurke om ek de lêste reekplommen út te krijen. Steatsbosbehear besiket mei jarretanks mei wetter it fjoer te bestriden. It bytsje reinwetter fan freedtenacht hat net folle holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)