Tipjild brân Skylge

21 maaie 2004 - 00:00

De stifting Ons Schellingerland op Skylge komt mei in beleaning fan 5000 euro foar de tip dy't liede kin ta it finen fan de brânstifters op Skylge. Ferline wike sneon baarnde 75 bunder natuergebiet op it eilân ôf.

Brânwachtminsken en blushelikopters hiene de grutste muoite om it fjoer te bestriden. Fuortdaliks waard al tocht dat de brân oanstutsen wie. De dieder is lykwols noch net fûn. It idee foar in beleaning is fan de stifting sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)