Bestjoer WKE wol prate mei Boys

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan fuotbalklub WKE út Emmen fynt it tige spitich dat supporters út Emmen belutsen west ha by in fjochtpartij mei oanhingers fan 'e Harkemase Boys. Tongersdei giene guon supporters fan de klubs meiinoar op 'e fûst by de noardelike bekerfinale yn Súdlaren. De wedstriid Harkemase Boys - Snits waard sels stillein.
It bestjoer fan WKE wol no mei it bestjoer fan Harkemase Boys prate oer it ynsidint yn Súdlaren.