Antwurden kabinet oer gasboarjen

21 maaie 2004 - 00:00

It kabinet komt op 10 juny mei de antwurden op provinsjale fragen oer gaswinning op it Waad. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân ha woansdei mei in delegaasje nei Den Haach west om nochris oer de gaswinning te praten.

Doe waard sein dat alle ûndersiken fan 1999 ôf nochris njonken inoar lein wurde foar in folslein byld fan de risiko's. Foar Fryslân hat deputearre Bijman mei west nei Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)