Lêste dei stimme Wetterskip

© Omrop Fryslân
Stimformulieren foar it bestjoer fan it Wetterskip kinne freed foar it lêst ynstjoerd wurde. De formulieren binne dan nei alle gedachten noch op tiid om meiteld te wurden. De deadline dêrfoar is moandeitemoarn.
Om de ferkiezings net te beynfloedzjen wol it Wetterskip net sizze hoefolle minsken oant no ta stimd ha. De opkomst is wol folle heger as yn '97. Op 26 maaie wurdt de folsleine útslach foar de ferskate kategoryen bekend makke.