Direkteur Marwei hat oare baan

21 maaie 2004 - 00:00

Direkteur De Jong fan finzenis De Marwei yn Ljouwert hat syn funksje dellein. Dat meldet de Ljouwerter Krante. De Jong hâldt op, om't er in oare baan krigen hat. Hy wurdt juridysk adviseur by it 'Bureau Integriteit en Veiligheid' yn Nieuwersluis.

Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan Justysje wie De Jong oan wat nijs ta. Hy wol sels net reagearje. De Jong hat twa jier direkteur west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)