Nije wike útspraak tichtkommisje

21 maaie 2004 - 00:00

De tichtkommisje fan it fuotbalbûn KNVB sil nije wike útspraak dwaan oer de gefolgen fan de fjochtpartij tongersdei by de Noardlike bekerfinale yn Súdlaren. Supporters fan Harkemase Boys en WKE út Emmen rekken dêr op de fûst.

De skiedsrjochter moast de wedstriid tusken Harkemase Boys en Snits stake by in stân fan 0-0. De tichtkommisje sil útmeitsje wa't der skuld hat oan de rellen. Ek moat bepaald wurde wannear't de staakte wedstriid útspile wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)