10 ekstra sloepen by HT-race

© Omrop Fryslân
Tsien ekstra sloepen dogge dit jier mei oan de HT-roeirace tusken Harns en Skylge. Dy tsien binne fan de wachtlist helle om't it freed de tritichste kear is dat de race organisearre wurdt. Der dogge no 140 sloepen mei yn stee fan de gebrûklike 130.
De organisaasje hat ekstra folchskippen ynset foar de feiligens. De sloepen moatte in ôfstân fan 34 km ôflizze en dat kin wolris swier wurde, om't der in hurde noardewyn stiet.