Steatelid Kuipers út SP

© Omrop Fryslân
Steatelid Piet Kuipers fan Drachten stapt út de Sosjalistyske Partij. Hy siet sûnt de ferkiezings fan maart 2003 yn de steaten. Hy is it net iens mei hoe't er behannele is nei't er op persoanlike titel krityk hie op wurk fan it Antidiskriminaasjeburo.
Kuipers is ek net te sprekken oer hoe't de lanlike partijtop mei har leden omgiet. De SP hat twa sitten yn de steaten. Fraksjefoarsitter Palmen hopet dat Kuipers syn sit opjaan sil.