Brommobyl te wetter

© Omrop Fryslân
In man (19 jier, út Gytsjerk) en in frou (24 jier, út Kollumersweach) binne woansdeitemiddei mei har brommobyl yn it wetter rekke. Dat barde by de Hoekstersingel yn Ljouwert. Omstanners ha besocht se út it wetter te heljen.
Mei help fan dûkers fan de brânwacht slagge dat. De man is nei it MCL yn Ljouwert brocht. De frou leit yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins. Hoe't ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk.