Wynmûnen: betingsten Lemsterlân

© Omrop Fryslân
In plan om sa'n 100 wynmûnen te pleatsen by de Iselmar yn de Noardeastpolder, stuitet op wjerstân. De gemeente Lemsterlân stelt betingsten by it plan fan de Noardeastpolder. Bedoeling is om 95 oant 115 wynmûnen fan sa'n 100 meter heech yn it wetter en op it lân del te setten.
De mûnen komme dan op in pear kilometer ôfstân fan De Lemmer te stean. Lemsterlân fynt de mûnen te heech. Ek moatte se fierder fuort delset wurde.