Nij provinsjaal ferkearsplan

© Omrop Fryslân
Automobilisten krije frij baan yn Fryslân. Neffens de provinsje hat it gjin doel mear om te besykjen minsken út de auto te krijen. Dat stiet yn it nije plan fan de provinsje oer ferkear en ferfier.
Yn it plan is fierder omtinken foar de útfiering fan plannen dy't earder al makke binne. Lykas de oanlis fan de sintrale as fan Dokkum nei Drachten en it feiliger meitsjen fan Drachten nei de provinsje Drinte.