Soarchboeren by LTO Nederlân

© Omrop Fryslân
Soarchboeren slute har oan by boere- organisaasje LTO Nederlân. Dat is besletten op de jiergearkomste fan de Vereniging Zorgboeren Nederland. Soarchboeren biede neist de normale boere-aktiviteiten soarch oan bygelyks ferstanlik handicapten of psychiatryske pasjinten.
By de oerkoepeljende Feriening Soarch- boeren Nederlân binne 140 soarchboeren oansletten. Dat tal sil nei ferwachting de kommende jierren útgroeie nei tûzen.