Noch gjin súkses jeugdopfang

© Omrop Fryslân
De jongere-opfang fan de Terp oan de Huzumerleane yn Ljouwert smyt noch gjin resultaten op. It doel wie dat jongeren dy't dakleas binne of dat driigje te reitsjen, binnen in healjier oan in baan en in eigen hûs holpen waarden.
Fan de 18 jongeren dy't yn it hûs wenje hat noch mar ien in baan en in hûs fûn. Fjouwer fan de jongeren binne útnaaid en de rest sit sûnder wurk en moat der nei alle gedachten seis moanne wenje. De jongeren meie no wol blowe.