Skea brân Skylge folle grutter

17 maaie 2004 - 00:00

By de brân op de Boschplaat op Skylge is 75 bunder natuergebiet ferlern gien. Earder waard útgien fan sa'n 40 bunder. Mooglik is it fjoer oanstutsen. Boargemaster Visser wol alle war dwaan om de dieders op te spoaren.

Brânwachtlju fan Skylge, Wytmarsum en Harns skeppe moandei de grûn op de Boschplaat om om smeulend fjoer út te krijen. Mei jarretanks wurdt wetter oer de dunen spuite om foar te kommen dat it fjoer wer oplôget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)