Swartrider moat foar de rjochter

17 maaie 2004 - 00:00

In Snitser (42) moat tiisdei foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine. Hy reizge mei de trein wylst er in ferbod hie. NS, Noordned, plysje en IM ha ôfpraat om swartriders stranger oan te pakken. As se boetes net betelje, wurde se justisjeel ferfolge.

It CDA fynt dat de NS agressive swartriders hurder oanpakke moatte mei. De partij wol meikoarten prate oer de sosjale feilichheid yn de treinen en sjen wat de wetlike mooglikheden binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)