Terrein skipswerf ferkocht

© Omrop Fryslân
Recyclingsbedriuw Van der Galiën út Wâlterswâld hat it terrein fan De Tille kocht. It bedriuw wol op it plak fan de fallite skipswerf yn Koatstertille de houtrecyclingaktiviteiten ûnderbringe.
De grutte hal fan de eardere skipswerf wurdt brûkt foar opslach en ferwurking fan hout. It hout kin maklik ferfierd wurde oer it PM-kanaal. By it bedriuw wurkje 25 minsken en der komme op termyn sân nije wurkplakken by.