Funny Walks by Slachtemaraton

© Omrop Fryslân
Fyftjin manlju sille de Slachtemaraton op 12 juny rinne mei saneamde Funny Walks. Dat is in idee fan Jenny Nijkamp fan Keunstwurk yn Ljouwert. De dielnimmers sille in pear kilometer fan de lange tocht mei in grappich paske rinne. Ek wurdt der in stik opfierd.
Dat ta ferdivedaasje fan it publyk, want in medalje sit der net yn. De manlju dy't har opjûn ha foar de Funny Walks binne net by steat de tocht hielendal út te rinnen.