Sleepboatdagen yn Wâldsein

© Omrop Fryslân
60 sleepboaten oan de kaai yn Wâldsein moatte dit wykein sa'n 4000 minsken nei it wettersportdoarp lûke. Freedtejûn waard foar de njoggende kear dit evenemint iepene.
Alle kearen komt der mear publyk ôf op de sleepboatdagen. It tal boaten bliuwt eins wat gelyk. Ien boat, of eins de motor, springt der neffens de saakkundigen út. It is De Jorn fan Jan Feringa. De sleepboatdagen wurde snein ôfsluten mei optredens fan shantykoaren.