Lotting Midsimmercup bekend

© Omrop Fryslân
De Midsimmercup moat de serieuze tsjinhinger wurde fan de Midwintercup, it iepen Frysk sealfuotbalkampioenskip. In pear fuotballeafhawwers út Menameradiel organisearje op 3 july de Midsimmercup yn Dronryp.
It wurdt in toernoai dêr't in team bestiet út 5 fuotballers. Op it fjild fan Dronryp wurde 4 fjilden útlein. Der wurdt spile yn 8 poules foar manlju en 2 poules foar froulju. Sjoch op TT-pagina 376 foar de poule-yndieling.