Dave Steensma begroeven

© Omrop Fryslân
Inkelde hûnderten minsken wiene sneon by de ôfskiedstsjinst fan sersjant Dave Steensma yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Steensma kaam begjin dizze wike om it libben yn Irak. Under de oanwêzigen wiene ek minister Kamp fan Definsje en in tal hege militêren.
Nei de tsjinst waard Steensma te hôf brocht op it algemiene begraafplak yn Frjentsjer. Foar de tsjinst koe yn de tsjerke it kondoleânseregister tekene wurde.