Stille tocht tsjin oarloch Irak

15 maaie 2004 - 00:00

Nei oanlieding fan de dea fan de Frjentsjerter sersjant Dave Steensma wurdt nije wike sneon in stille tocht hâlden yn Drachten. Steensma kaam begjin dizze wike om it libben by in granaatoanfal yn Irak. Hy wurdt sneon yn syn wenplak te hôf brocht.

De tocht is in protest tsjin de oarloch yn Irak. Om tolve oere wurdt begûn op it Museumplein yn Drachten. De tocht einiget by it oarlochsmonumint. Dêr wurde dowen loslitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)