Keunstgersfjild foar kuorballers

© Omrop Fryslân
Kuorbalferiening Vlug en Vaardig fan Garyp hat in nij keunstgersfjild. De klub spilet yn 'e earste-klasse. It fjild waard freed iepene troch boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel. Dêrnei waard der in demonstraasjewedstryd op spile.
It plan foar in keunstgersfjild is fjouwer jier lyn betocht. It spul moat der attraktiver fan wurde. Der is ek al in nij gersfjild ynsiedde foar de fuotbalferiening.