Ynset Ybema foar ekonomy noarden

© Omrop Fryslân
Ald-steatssiktaris Gerrit Ybema fan ekonomyske saken sil him ynsette foar de fersterking fan 'e ekonomy fan it noarden. Ybema wurdt foarsitter fan it kolleezje dat Fryslân, Grinslân en Drinte advisearje sil oer de ynset fan 'e ryksjilden foar it noarden.
Ybema kin gelyk oan de bak, want it kabinet hat syn twivels oft it wol sinfol is om it noarden ekstra te stypjen. Ybema is yn dizze funksje de opfolger fan âld DAF-topman Baan.