'Mear ynvestearje yn wentebou'

© Omrop Fryslân
De Fryske wenningboukorporaasjes moatte flink ynvesteare yn de nijbou fan hierwenningen en it ûnderhâld fan har wenten. Dat seit foarsitter Tsjebbe Hettinga fan Aedes Fryslân, de oerkoepeljende organisaasje fan wenningbouferienings.
Freed waard bekend dat de wenningbouferienings yn Nederlân hieltyd riker wurde. It fermogen fan de korporaasjes soe ferline jier mei mear as in miljard euro tanommen wêze.