Betrouwenskrisis by Philips

14 maaie 2004 - 00:00

De ûndernimmingsried fan Philips Drachten seit it betrouwen yn direkteur Colette op. It gie al langer net goed tusken beide partijen. It beslút om akkoart te gean mei it ferpleatsen fan de motoareproduksje fan skearapparaten, hat de ferhâldings finaal op skerp set.

De ried fynt dat Colette it personiel te min perspektyf jout, en dat wylst de Fryske festiging noch winst makket. De direksje fan Philips sil de ried útnoegje foar in petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)