Oerol wint Grand Prix

© Omrop Fryslân
It Oerolfestival is yn 'e prizen fallen by de Nationale Evementenprijzen. It Skylger barren hat de Grand Prix wûn, foar in evenemint mei in bysûndere skiednis, ynternasjonale útstrieling en unike ynhâld.
De Jouster Ballonfeesten binne twadde wurde yn Bêste Regio-evenemint. De Flaaijelfeesten yn Aldehoarne waarden tredde as Leuke Stedseveneminten. De prizen wurde útrikt roch it Nederlânsk Buro foar Toerisme.