Militêr yn Frjentsjer begroeven

13 maaie 2004 - 00:00

De Frjentsjerter militêr Steensma dy't moandei yn Irak omkaam, wurdt sneon yn Frjentsjer begroeven. Dat sil wêze op it Algemiene Begraafplak. Dêrfoar is yn 'e Martinitsjerke in routsjinst. Dat hat de koster fan 'e tsjerke befestige.

Op dit stuit wurdt noch wurke oan in draaiboek foar de begraffenis. De tsjinst begjint om twa oere middeis. Hy sil gjin religieus karakter hawwe. Steensma wurdt mei militêre eare begroeven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)