Polityk spul oer Rapport-Meijer

13 maaie 2004 - 00:00

It CDA hat de gek mei it provinsjale bestjoersakkoart. Dat sei PvdA-fraksjefoarsitter Versteeg woansdei nei de Steategearkomste. Dêr waard praat oer it Ryksrapport-Meijer dat Waadgasboarrings oanbefellet.

It bestjoersakkoart is tsjin it opspoaren en winnen fan nije boarplakken. It is ek ûndertekene troch it CDA. De partij seit no dat se net tsjin gaswinning fan besteande boarputten is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)