Lichem Steensma oankommen

© Omrop Fryslân
It lichem fan 'e omkommen militêr Dave Steensma is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei oankommen op 'e Fleanbasis Ljouwert. Dêr is er oerdroegen oan 'e famylje.
Steensma stoar moandei as gefolch fan in granaatoanfal op in brêge by de Irakeze stêd Al Samawah. De famylje is noch yn oerlis oer de begraffenis. Dúdlik is al wol dat er mei militêre eare begroeven wurde sil. Dat kin ek op it militêre begraafplak Loenen wêze.