Brûnzen byld Brandsma

© Omrop Fryslân
Biskop Eijk hat woansdei in brûnzen byld fan pater Titus Brandsma ynsegene. Dat barde yn Grins dêr't it byld getten waard. Brandsma út Boalsert (1881-1942) waard yn 1985 sillich ferklearre.
It byld komt yn Dokkum te stean, yn it ramt fan it Bonifatiusjier. De pater hat him altyd ynset foar de betinking fan Bonifatius. It byld wurdt makke troch in Natasja Bennink fan It Hearrenfean. Op 12 juny wurdt it byld ûntbleate.