Achtkarspelen út Lauwerspas

12 maaie 2004 - 00:00

Achtkarpelen kin in claim ferwachtsje fan tsientûzenen euro's om't de gemeente net mear meidocht oan 'e Lauwerspas. De pas jout koarting by biblioteek, swimbad en sportferienings.

De pas wurdt al jierren brûkt yn Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân. Achtkarspelen soe ek meidwaan. De fjouwer gemeenten wolle fan takom jier ôf in mienskiplik minimabelied fiere. De Lauwerspas wie dêr in ûnderdiel fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)