Noch 3 oefenduels foar Cambuur
Cambuur Ljouwert sil nei ôfrin fan dit fuotbalseizoen noch trije oefenduels spylje. De seleksje fan trener Dick de Boer spilet op 19 maaie yn Dokkum tsjin Be Quick ta gelegenheid fan it yn gebrûk nimmen fan it keunstgersfjild.
In wike letter spilet Cambuur noch in oefenwedstriid tsjin Sint Anne op moandei 24 maaie. Tongersdei 27 maaie treft de ploech it amateuralvetal de Ljouwerter Sweltsjes. De tariedingen op de nije kompetysje begjinne op 5 july.