Apteker tsjin De Friesland

© Omrop Fryslân
Apteker Mast fan Grou hat in koart pleit oanspand tsjin De Friesland. Hy is troch de soarchfersekerder bûtenspul set. De Friesland hat de ferstrekking fan medisinen oan syn klanten yn Grou en Akkrum Europeesk oanbestege. Dêr hat farmaseut Pharminvest op ynskreaun.
It liket derop dat Pharminvest it wurdt om't dy goedkeaper is. Neffens Mast syn advokaat hie de oanbesteging earder oankundige wurde moatten. It kontrakt soe ek net rjochtmittich wêze.