Fryske bern nei doop Amalia

11 maaie 2004 - 00:00

Fyftjin bern út Fryslân fan 12 en 13 jier âld binne útnoege om by de doop fan prinses Catharina-Amalia te wêzen. Sy komme ûnder oaren fan skoallen út Balk, Snits, It Hearrenfean, Ljouwert, Drachten en It Amelân.

De doop fan Amalia is op sneon 12 juny yn de Grutte Tsjerke yn Den Haach. Der komme bern út it hiele lân. Dat moat de doopplechtichheid in jeugdich karakter jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)