34-jierrige Ljouwerter fermist

11 maaie 2004 - 00:00

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de ferdwining fan de 34-jierrige Bulent Kus fan Ljouwert. De man wurdt fermist sûnt sneon 24 april. Hy soe dy dei fan syn hûs nei de moskee gean. Dêr is er lykwols net oankaam. Neifraach by freonen hat oant no ta neat opsmiten.

Kus wie in dei earder neffens de Islamityske tradysjes troud. Dêrfoar liede er in swalkjend bestean. Neffens de plysje is it net ûnmooglik dat er yn Dútslân sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)