Ofspraak toskedokter fia it net

© Omrop Fryslân
Pasjinten fan toskedokter Houtsma op 'e Harkema kinne sûnt koart fia ynternet in ôfspraak meitsje. De toskedokter is dêrmei de earste yn Fryslân en Grinslân dy't de service biedt. De pasjinten fine op ynternet de aginda fan de toskedokter en kinne dêr sels de datum foar in ôfspraak op ynfolje.
De praktyk is troch de nije service makliker berikber en boppedat skeelt it Houtsma administraasjekosten.