Stellingwarfs Woordeboek klear

© Omrop Fryslân
It Stellingwerfs wurdboek is klear. Freed ferskynt it fjirde en lêste diel. De presintaasje fan it nije Stellingwerver wurdboek is op it gemeentehûs yn Wolvegea.
De beide Stellingwerver boargemasters, Lesterhuis en Heite, krije de earste eksimplaren. Fierder is der noch in eksimplaar foar professor Niebaum. Hy is foarsitter fan de tafersjochkommisje fan it Stellingwarfs Woordeboek. Der is hast 30 jier wurke oan it wurdboek.